Dichtersjûn Dyk fan 'n Dicht yn Aldebiltsyl
De Dichtersjûn Dyk fan 'n Dicht wurdt troch Oare Wurden organisearre yn it ramt fan Swalk, Frysk op toernee, 9-18 septimber 2016. Wy dogge dat yn gearwurking mei de Bildtse Aardappelweken/Poetic Potatoes en Fier dyn Frije Taal, projekten dy't lykas Oare Wurden ûnderdiel binne fan Ljouwert KH2018. De jûn wurdt holden yn Aldebiltsyl en it tema is 'poëzy fan de kust'. Spesjale gastdichters binne de eilândichters fan Flylân en Texel, Gerda Poshumus en Mare Hilstra. André Looijenga, krekt werom út Masedoanië, dêr't er foar it Oare Wurden-projekt acht wiken siet, is der ek, mei farske poëzy út Bitola. Presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Neeltje van den Brand, aktrise, presintatrise en ynwenner fan Aldebiltsyl.
It wurdt in swingende jûn. Saksofoanist Benjamin van Loenen komt mei in Utrechtse gelegenheidsformaasje. Hy spilet mei twa gitaristen en in rapper. Nei it twadde skoft om 22.00 oere sille sy jamme op teksten fan guon fan de oanwêzige dichters.
Titel fan de jûn: Dyk fan ’n Dicht
Tema: Poëzy fan de kust
Datum: 10 septimber
Tiid: 20.00-23.00 oere
Plak: Aerden Plaats, Aldebiltsyl
Presintaasje: Neeltje van den Brand
Tagong: Pay what you want
Programma:
19.30-20.00 SEAL IEPEN - muzyk fan saksoafonist Benjamin van Loenen (gelegenheidsformaasje mei 2 gitaristen en in rapper)
20.00 Iepening troch presentatrise Neeltje van den Brand
20.05 Koarte yntro Syds Wiersma oer Oare Wurden/Swalk/Poetic Potatoes/Fier dyn Frije Taal
20.10 Earste blokje dichters: Poëzy fan de Kust
20.50 Twadde blokje dichters: Poetic Potatoes
21.20-21.35 YNTERMEZZO (mei gelegenheid om wat te drinken) - muzyk fan saksofoanist Benjamin van Loenen (gelegenheidsformaasje mei 2 gitaristen en in rapper)
21.35 Tredde blokje dichters: Oare Wurden
21.45 Fjirde blokje dichters: Eilândichters
22.10 YNTERMEZZO ( mei gelegenheid om wat te drinken) - muzyk fan saksofoanist Benjamin van Loenen (gelegenheidsformaasje mei 2 gitaristen en in rapper)
22.30 Fier dyn Frije Taal – Jamsessy, mei rap op teksten fan inkele dichters, en mogelikheid foar dichters om te slammen mei de band
23.00 EIN
Yn de pauzes is der boekferkeap fan Boeken fan Fryslân en útjouwerij Frysk en Frij. Der is ek in ynformaasjestand fan Swalk, Frysk op Toernee.
WHEN
September 10
20:00
WHERE
Aerden Plaats