en fy eu mk sl ga

Réaltán Ní Leannáin treedt op yn Koepeltsjerke Ljouwert

Freed 20 maaie 2016 organiseart útjouwerij Frysk en Frij in literêre muzykjûn yn it Koepelteater te Ljouwert. Poëten drage yn it ramt fan it poëzy-evenemint Fier dyn frije taal har fersen foar, dichters fan ferskillende nasjonaliteiten dy’t mei har poëzy yn har eigen taal en tongslach in bydrage leverje oan it Fryske taallânskip. De Ierske gastskriuwster Réaltán Ní Leannáin, dy’t dizze wiken yn Fryslân oan it wurk is, sil poëzy yn it Iersk foardrage en wurdt ynterviewd.

Dêrneist komt eksperimintalist Reinder R. van der Leest mei spetterjende klankkleuren út syn ludyk proaza, debuteart Sigrid Kingma mei har poëzybondel Reade triedleas en bringt fokaal keunstnares Greetje Bijma nije poëzy fan Janna van der Meer. Bijma wurdt beskôge as ien yn ’e top fan ’e Nederlânse ymprovisearde muzyk. Mei har soepele stim en teaterkwaliteiten makket se furoare op gâns ynternasjonale poadia . Yn it Koepelteater mei syn bysûndere akoestyk sil dat werklik prachtich útkomme.

Multytalint Sigrid Kingma deklameart en musiseart, de dichters Arjan Hut en Elmar Kuiper litte fan har hearre en Joost Noomen besprekt op ludike wize it wurk fan Kingma. De werskreaune spannende romans Komme dy kepers? en Boef fan Rys fan Reinder R. van der Leest wurde presinteard en byldzjend wurk fan him wurdt eksposeard.

Wa’t fan keunst en kreative taal hâldt, is fan herte wolkom. Yn it skoft binne der fergese Koepelhapkes.

Freed 20 maaie
Koepeltsjerke Ljouwert
20.00 oere  (ynrin: 19.30 oere)

WHEN

May 20
20:00

WHERE

Leeuwarden, Netherlands